Tagarchief: Frysk

Hjoed

Hjoed wurke ik foar‘t earst by FrieslandCampina Ljouwert. Dat wie apart, fannemoarn betiid, doe‘k er hinneriid. Ferlinewike tongersdei wie’k ommers noch by FrieslandCampina Beilen. Dêr hie ik yn sa’n achteninheale moanne in bysûnder moaie tiid belibbe. Ik bin der al ûnwennich fan. Mar de minsken yn Ljouwert lykje ek goed mei-inoar om te springen. Se prate boppedat better Frysk dan dat, sa leau ik, ea earder yn in bedriuw heard ha. It Hollânsk is de twadde taal. ‘t Moat suver in bytsje wenne.

Ik húzje yn ’t âlde gebou, dat by’t wetter del stiet.

It hûntsje mei trije poatsjes

It wie hjoed wiet en tsjuster,
hielendal oars as juster.
Ik riid in rûntsje
en kaam werom nei’t flatsje
mei de buorman mei ‘t petsje
en hja mei ‘t hûntsje.

It hûntsje
fan ûnder
is bysûnder.
It mist in poatsje,
mar is ‘t paad nea bjuster.
Seane hin,
hy kin der net sûnder.

It hûntsje
mei trije poatsjes,
wy binne maatsjes.
En at ús buorman
dwersbongelt,
jout er lûd.

Hy blaft
at buorman bestraft.
Hy ferskood ‘e attinsje nei himsels
en triuwt my wynsels
ta.

Flechtich

Yn in moanne tiid ferstoarnen der twa muoikes. De beide susters fan ús mem. Sadwaande hat se no allinnich noch mar in broer.

Tafallich dreamde ik ôfrûne nacht oer ús heit. Ik moast de kij melke en tuskentroch plakte ik in fytsbân. Yniens roan ús heit foarby en begoan in praatsje. “Ha Bernardus, silsto de bân even plakke? Hahaha…”. Sigaretsje oan‘e lippe. Hy is aanst al tweintich jier wei.

Hy hat mei-inoar 16 broers en susters hân en dêrfan skarrelje der noch mar fiif om.

It libben is flechtich. Noch ien as twa kear knipperje mei de eagen en dan is myn generaasje de âldste. ‘t Fernuvert my. Myn bestean is dan generaasjeleas, want ik haw ommers gjin bern.

Ik fernim dat ‘t libben mei de jierren riker wurdt. Je leare wat wichtich is en litte al ‘t oare fare. Spirituele ûnderfiningen oppenearje harren boppedat hieltiid krêftiger. It fielt somtiden as stekke se de hand nei my út yn‘e himmel. De ferstoarnen. Wat dogge se dêr? Myn ûndersiik nei myn famyljeskiednis hat my ek bot fierder brocht yn ’t libben.

Sfearpriuwerke…

Hoe grut ek de te kreëarjen distânsje

‘t reint
en ‘t is kâld
ik stean
sûnder wurk
wiif
freon as bern
yn‘e wrâld

ik fiel my âld
skeind
en beheind
‘t swiet priuwt sâlt
ik bin as
Urk
sûnder Bibel

‘k soe ’t ljoust fuortkrûpe
yn‘t gelok fan’t ferline
fersûpe

in minsk allinnich
moat
‘t stoarmeftige oankrûperswaar
yn ‘e holle
feroarje nei sinnich
want oars kin er syn grêf
ommers wol dolle

it makket neat út wêrsto bist
of wêrsto ek hinne silst
hoe grut ek de te kreëarjen distânsje
do witst datsto dêr
allinnich
ek net kinst dânsje

dat ik bliuw mar thús

Strontkroadsje

Myn suske is mei har man en bern op fakânsje en sadwaande past ús mem op ‘t spul en is dêr in melker die’t de kij docht.

Ús mem skelle fanemoarn at ik ek komme woe te waarm iten en sadwaande kaam ik efkes buorkjen. Nei’t iten die’k wat putsjes. Ik socht de kroade op en mjukse in rigeltsje keallehokjes en de yn‘e stront bedobbe ôfkealstâl út. ‘t Brocht ’t dongstee san tolve kroaden stront. Dêrnei makke de hegedrukspuit it wurk ta yn perfeksje ôf; de middei wie samar foarby.

Yntusken wie ’t jûntiid wurden en wy iten noch in brochje. Ik gong wer op hús oan.

My golfearm trillet noch wat fan de levere spierkrêft, mar dat is moarn wol wer oer. De waskmasine hat‘t op‘t stuit drokker as my en ik hoopje op in skjin protsje klean.

Dêr wie in tiid dat ik altyd stront kroade foar in hynsteboer, sûnder dat ik ea fan in tennis- as golfearm heart hie. Dêr wie in tiid dat ik altyd wykeinmelker wie, sûnder dat ik ea tocht oan wurgens. Dêr wie in tiid dat ik in telefoanpeal boppe my tille koe, sûnder dat ik dêr ea lêst fan krije soe.

‘t Wie in moaie dei.Strontkroadsje

De wurden fan ús heit

Hjoed haw ik foar’t earstris, earne oars dan yn myn hjoeddeisk neiste omjouwing te fytsen west. Mei ‘t foartsjil derút, paste de fyts efteryn de auto en sadwaande riid ik nei Grins foar in rûntsje troch de stêd. Dat wie fernuverjend, omdatsto de stêd fytsend hyl oars belibbest dan rinnendewei.

Fierder bin ik noch hieltiid, ‘t iene momint fansels drokker dan‘t oare, dwaande mei it ferbetterjen fan myn Fryske taal. Wy neame ússels Frysk, mar wa behearsket de taal noch hielendal tsjintwurdich? Wylst it Frysk san bysûnder rike, poëtyske taal is, die ‘t foar guon fan ús sa bot betroud fielt, wa kin‘t noch skriuwe? Ús Frysk fersmoarget mei Nederlânske wurden en grammatika en dat fyn ik skande.

De wurden die‘k fan ús heit en mem yn it ferliene sa faak hearde, hear ik hjoed de dei eins nea mear. Dat wurd “omraak” bygelyks. En wa wit no noch wat in tjems wie? Ús heit spielde de molke dêrtroch, foar ‘t yn ‘e, mei busbjinder skjinhimmele molkbus kaam. Sjochris in âld wurdboek nei en jo sille ûntdekke dat der in oseaan oan hast ferjitten wurden bestiet. De measten dêrfan dogge by my lykwols noch wol in beltsje rinkeljen. Mar goed, ik hear al sawat by de âlderein, de jongerein fertizet dêryn.

‘t Giet tink krekt sa as mei it Stellingwerfsk. Minsken út doarpkes ferhúzje en der komme oare minsken, mei oare talen foar yn‘e plak. At hja ynoar dan ferstean wolle, dan…

Sa giet it mei talen. It Nederlânsk feringelske en ferfrânske ek al hielendal en in soad minsken brûke, sûnder dat se ‘t troch hawwe, oeral germanismen yn harren skriuwtaal. Talen gripe op inoar yn.

De grammatika feroaret ek. Doe ‘k myn famyljeskiednisboek gearstalde krige ik in skitterjende brief (1946) fan ús beppe oan har muoike ûnder eagen. Die wie yn it Nederlânsk skreaun, mar allinnich de wurden wienen Nederlânsk, want grammatikaal wie ’t Frysk. Doe’t ik in lyts bern wie, koenen ús heit en mem noch mar krekt in pear wurden Nederlânsk. Doe ’k thúskaam fan de earste deis beukerskoalle, sei ik tsjin ús heit en men dat ús juffrou sa nuver prate. “Dat is Nederlânsk jonge!”.

Oer ‘t wurksykjen? Spitich genôch, gjin nijs! At jo wat witte…

Frysk boerekwartetspul...  Dit is in plaatsje fan ynternet, mar ik haw it sels ek!
Frysk boerekwartetspul… Dit is in plaatsje fan ynternet, mar ik haw it sels ek!

Ingelân

In bytsje tsjin ‘t sin kaam ik fanemoarn út bêd wei stroffeljen. Ik joech my del efter de computer mei wat yochert, lykas ik meastentiids doch. Mar ik wurde bemastere troch in gefoel, dat der hjoed wol net folle fan telâne komme soe. Wêrtroch dat kaam kin ik net krekt omskriuwe.

Nei sawat oardeloere ferdien te hawwen, rûn ik de trep wer op nei boppe om my te behimmeljen en te ferstrûpen, mar ik krûpte dôchs earst noch noflik efkes in healoerke werom yn ‘t waarme nêst. It wie stil yn ‘t buertsje en ik hearde allinnich wat fûgeltsjes yn ‘e dakgoate.

Úteinlik stûn ik om in oer as fjouwer middeis, wat bysûnder let is foar myn dwaan, mei ‘t hier yn ‘e kúf en mei skrobbe earen en tosken, klear om de doar út de gean. Ik hie betocht dat ik wol efkes nei Wolvegea gean koe, want dêr wennet in wiifke dat ik wolris besiikje en ik soe mei har te kuierjen kinne. Ik stapte yn myn gérsgriene wein en riid die kant út.

Yn Wolvegea oankommen, foel it my lykwols op dat it dêr allegear sa kalm, ja, selfs wat himmelsk oan die. Ik wie yntusken fansels tige goed útsliept en goed op ‘e trie, mar it like as wie de atmosfear yn de dreamen bedarre, die ik mar efkes earder dreamt hie. It libben like in film.

Ik liet it allegear bot op my ynwurkje, lykas ik oars ek doch.

Nei ‘t boadskipjen kuiere ik noch in eintsje troch Wolvegea mei myn tas fol guod. Healwei seach ik in reidjuffer op ‘e stoep lizzen en ik sette har op myn hân. Se wie wat skansearre. Se bliuwde moai sitten en posearre skitterjend foar myn lins.

Ik gong net mear op besite by ‘t âlde wiifke, want ik wist dat it dêr hast iterstiid wurde soe. Wa wit lei ‘t brochje al te wachtsjen op ‘t pantsje. Sadwaande betarre ik foar in kuiertocht yn ‘t Braandemeer. Dat is in prachtich moai gebied mei reid en petgatten, by Âld Lemmer.

Dat wie bysûnder ferdivedearjend.

Ek dêr foel my op hoefolle rêst der yn ‘e loft hong. As wie de himmel op ierde belâne. Mar ek de bisten liken pypskoft te hawwen. Ik hearde folle minder as oars, wylst de natuer yn har alderbêste dwaan wie. Ik seach wol trije as fjouwer swannehúshâldings, delbêde op in stikje platwâde reid oan de râne fan ‘t wetter. It paradyske wurde boppedat beljochte troch in har al sakje littende sinne. It wie yntiid jûntiid.

Soks belibje ik net eltse dei.

Swannesang...
Swannesang…

 

De oare deis

Om’t it my juster sa bêst foldien hie, karke ik hjoed opnij nei Wolvegea en omkriten.

Dit kear wie ik wat betider yn ‘e middei en sadwaande koe ik op bisite by ‘t adreske wer ik juster ek al hast hinne soe. Ik kin har troch de ûntwikkeling fan myn earste famyljeskiednisboek. Har yntusken ferstoarne man wie in pakesizzer fan de broer fan ús heites beppe. Wy kinne poer bêst opsjitte.

Se wie tige bliid dat ik kaam. Wy sieten mei-inoar oan ‘e tafel, want de hiele ôfdieling kaam der by sitten. Dat wie smûk. Ik betocht dat ‘t miskien wol wat foar my wie om frijwilligerswurk te dwaan yn san tehûs. Ik ha wol wat mei âlde minsken. Ik fernaam ek dat it personiel gjin Frysk koe en sadwaande net alles meikrige wat de minsken seinen.

It praat gong oer fan alles.

Der siet in mantsje by die ‘t yn ‘t ferliene boer west wie en hy koe ek noch minsken út Rotstergaast, it plakje wêr ik hikke en tein bin. “Doe koe eltsenien boer wurde. Jo hoeden net te rekkenjen. No moatte jo folle mear kinne, want it draait allegear om it byhâlden fan administraasjes.”. “In boer is allinnich frij at er syn arbeider fertrout.”.

Doe ’k wer fuortgong hearde ik myn kunde noch tsjin de oaren sizzen: “Wat in aardige jonge, net?”.

Dat makket my bliid.

It bûtenlân

it bûtenlân

dyn fjoer baarnt noch hieltiid foel yn my
mar ‘t is as wachtsjen op simmerske snie
myn paadsje liket net ferhurde
ik rin rûntsjes mei hûntsjes
knoffelje en stroffelje
sees tsjoch
oant ik blau tasjoch
‘t sil wol bliuwe by wurden

it ferstân

ik meitsje it rymjende
mar smoar healweis yn ‘e wurden
at ik tink oan dy
‘k bin út ‘e rie
en fan ‘e trie
fertyskjende

it heitelân

ik bin dêr hikke en tein
nea fuortflein
‘k moat oerein
want ik hear al by de âlderein

rikje my dyn hân

en nim my mei

Ús umjouwing: De giele stip is ús sinne yn de Molkewei (mei sawat 100 miljard sinnen) en die is wer in stip yn it hielal der omhinne.