It wie hjoed wiet en tsjuster,
hielendal oars as juster.
Ik riid in rûntsje
en kaam werom nei’t flatsje
mei de buorman mei ‘t petsje
en hja mei ‘t hûntsje.

It hûntsje
fan ûnder
is bysûnder.
It mist in poatsje,
mar is ‘t paad nea bjuster.
Seane hin,
hy kin der net sûnder.

It hûntsje
mei trije poatsjes,
wy binne maatsjes.
En at ús buorman
dwersbongelt,
jout er lûd.

Hy blaft
at buorman bestraft.
Hy ferskood ‘e attinsje nei himsels
en triuwt my wynsels
ta.

oud worden
dat doe je samen
moge de goden verhoeden
dat ik daar solitair voor kom te staan

ik verdiende mijn verstilde sporen al glansrijk
en de criteria werden gladgestreken
in cijfers
die ik
God zij dank
nooit van tevoren had kunnen bevroeden

ik geloof dat wij mensen op aarde zijn
om ’t verschil te proeven
tussen suiker en azijn

gevangen in de kringloop
van sterven en geboren worden
worden wij na elk leven weer teruggeworpen
om ’t goud
opnieuw
zinloos uit ’t zand te leren zeven

de hoop
de verlossing
de cyclus die stopt

dat is verlichting

slechts te bereiken
door de lange eenzame weg naar binnen

Oud worden doe je samen...

In bytsje tsjin ‘t sin kaam ik fanemoarn út bêd wei stroffeljen. Ik joech my del efter de computer mei wat yochert, lykas ik meastentiids doch. Mar ik wurde bemastere troch in gefoel, dat der dieselde deis wol net folle fan telâne komme soe. Wêrtroch dat kaam kin ik net krekt omskriuwe.

Nei sawat oardeloere ferdien te hawwen, rûn ik de trep wer op nei boppe om my te behimmeljen en te ferstrûpen, mar ik krûpte dôchs earst noch noflik efkes in healoerke werom yn ‘t nêst. It wie stil yn ‘t buertsje en ik hearde allinnich wat fûgeltsjes yn ‘e dakgoate.

Úteinlik stûn ik om in oer as fjouwer middeis, wat bysûnder let is foar myn dwaan, mei ‘t hier yn ‘e kúf en mei skrobbe earen en tosken, klear om de doar út de gean. Ik hie betocht dat ik wol efkes nei Wolvegea gean koe, want dêr wennet in wiifke dat ik wolris besiikje en ik soe mei har te kuierjen kinne. Ik stapte yn myn gérsgriene wein en riid die kant út.

Yn Wolvegea oankommen, foel it my lykwols op dat it dêr allegear sa kalm, ja, selfs wat himmelsk oan die. Ik wie fansels útsliept en op ‘e trie, mar it like wol as wie de atmosfear yn’e dreamen bedarre, die ik mar efkes earder dreamt hie. It like in film.

Ik liet it allegear bot op my ynwurkje, lykas ik oars ek doch.

Nei ‘t boadskipjen kuiere ik noch in eintsje troch Wolvegea mei myn tas fol guod. Healwei seach ik in reidjuffer op ‘e stoepe lizzen en ik sette har op myn hân. Se wie skansearre, mar bleaun lykwols sitten en posearre skitterjend foar myn lins.

Ik gong net mear op besite by ‘t âlde wiifke, want ik wist dat it dêr hast iterstiid wurde soe. Wa wit lei ‘t brochje al te wachtsjen op ‘t pantsje. Sadwaande betarre ik foar in kuiertocht yn ‘t Braandemeer. Dat is in prachtich moai gebied mei reid en petgatten, by Âld Lemmer.

Dat wie bysûnder ferdivedearjend.

Ek dêr foel my op hoefolle rêst der yn ‘e loft hong. As wie de himmel op ierde belâne. Mar ek de bisten liken pypskoft te hawwen. Ik hearde folle minder as oars, wylst de natuer yn har alderbêste dwaan wie. Ik seach wol trije as fjouwer swannehúshâldings, delbêde op in stikje platwâde reid oan de râne fan ‘t wetter. It paradyske wurde boppedat beljochte troch in har al sakje littende sinne. It wie yntiid jûntiid.

Soks belibje ik net eltse dei.

Swannesang...

De oare deis

Om’t it my juster sa bêst foldien hie, karke ik hjoed opnij nei Wolvegea en omkriten.

Dit kear wie ik wat betider yn ‘e middei en sadwaande koe ik op bisite by ‘t adreske wer ik juster ek al hast hinne soe. Ik kin har troch de ûntwikkeling fan myn earste famyljeskiednisboek. Har yntusken ferstoarne man wie in pakesizzer fan de broer fan ús heites beppe. Wy kinne poer bêst opsjitte.

Se wie tige bliid dat ik kaam. Wy sieten mei-inoar oan ‘e tafel, want de hiele ôfdieling kaam der by sitten. Dat wie smûk. Ik betocht dat ‘t miskien wol wat foar my wie om frijwilligerswurk te dwaan yn san tehûs. Ik ha wol wat mei âlde minsken. Ik fernaam ek dat it personiel gjin Frysk koe en sadwaande net alles meikrige wat de minsken seinen.

It praat gong oer fan alles.

Der siet in mantsje by die ‘t yn ‘t ferliene boer west wie en hy koe ek noch minsken út Rotstergaast, it plakje wêr ik hikke en tein bin. “Doe koe eltsenien boer wurde. Jo hoeden net te rekkenjen. No moatte jo folle mear kinne, want it draait allegear om it byhâlden fan administraasjes.”. “In boer is allinnich frij at er syn arbeider fertrout.”.

Doe ’k wer fuortgong hearde ik myn kunde noch tsjin de oaren sizzen: “Wat in aardige jonge, net?”.

Dat makket my bliid.

it bûtenlân

dyn fjoer baarnt noch hieltiid foel yn my
mar ‘t is as wachtsjen op simmerske snie
myn paadsje liket net ferhurde
ik rin rûntsjes mei hûntsjes
knoffelje en stroffelje
sees tsjoch
oant ik blau tasjoch
‘t sil wol bliuwe by wurden

it ferstân

ik meitsje it rymjende
mar smoar healweis yn ‘e wurden
at ik tink oan dy
‘k bin út ‘e rie
en fan ‘e trie
fertyskjende

it heitelân

ik bin dêr hikke en tein
nea fuortflein
‘k moat oerein
want ik hear al by de âlderein

rikje my dyn hân

en nim my mei

Ús umjouwing: De giele stip is ús sinne yn de Molkewei (mei sawat 100 miljard sinnen) en die is wer in stip yn it hielal der omhinne.