Hjoed

Hjoed wurke ik foar‘t earst by FrieslandCampina Ljouwert. Dat wie apart, fannemoarn betiid, doe‘k er hinneriid. Ferlinewike tongersdei wie’k ommers noch by FrieslandCampina Beilen. Dêr hie ik yn sa’n achteninheale moanne in bysûnder moaie tiid belibbe. Ik bin der al ûnwennich fan. Mar de minsken yn Ljouwert lykje ek goed mei-inoar om te springen. Se prate boppedat better Frysk dan dat, sa leau ik, ea earder yn in bedriuw heard ha. It Hollânsk is de twadde taal. ‘t Moat suver in bytsje wenne.

Ik húzje yn ’t âlde gebou, dat by’t wetter del stiet.

Geef een reactie